Kolleezje slút frede

08 aug 2007 - 09:27
  • Hernamdt (rjochts) hat no wol wer betrouwen yn har kollega Doting (links) (argyf Omrop Fryslân)
  • Boargemaster Johanneke Liemburg op de Freuledei

Mei ekskuzes en ferklearrings fan betrouwen tinke B en W fan Littenseradiel der dochs út te kommen meiinoar. B en W ha in ferklearring opsteld wêryn't wethâlder Hernamdt har spyt útsprekt foar útspraken dy't se dien hat oer wethâlder Doting.

Hernamdt en boargemaster Liemburg seine earder it betrouwen op yn Doting mar komme dêr no op werom: se sprekke no it betrouwen út yn dy syn funksjonearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)