'Kolleezje nimt rie net serieus'

10 jun 2003 - 00:00

It kolleezje fan de gemeente It Hearrenfean is altyd te let mei de riedsstikken, dy't ek dan ek nochris ûnfolslein binne. In kommisjegearkomste oer Sportstad Heerenveen is om dy reden ôfbrutsen nei klachten fan Leefbaar Heerenveen en de ChristenUnie. It riedsbeslút oer de finânsjes komt no pas nei't de earste peal slein is.

Leefbaar Heerenveen fynt dat soks net kin. Se ha dêroer in brief skreaun oan 'e boargers, B en W en de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)