Kolleezje Ljouwert bliuwt

19 mrt 2010 - 10:09
  • CDA, PAL/GrienLinks en PvdA binne it iens

De PvdA, it CDA en Pal/GrienLinks sille de kommende fjouwer jier yn Ljouwert wer it kolleezje foarmje. Ynformateur Skelte Brouwers is mei dat advys kaam. De trije partijen sille mei fjouwer wethâlders fierder, ien minder as de ôfrûne riedsperioade. Dat yn ferbân mei grutte besunigings dêr't de gemeente foar stiet.

De koalysje fan de trije partijen lei neffens de ynformateur it meast foar de hân. De measte partijen yn de ried koene har hjir it bêste yn fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)