Kolleezje Frjentsjerteradiel

08 maaie 2014 - 22:19
  • Gemeente Frjentsjerteradiel

Gemeente Frjentsjerteradiel hat in nij kolleezje mei dêryn de partijen Gemeentebelang Franekeradeel, it CDA en de PvdA. It kolleezje waard tongersdeitejûn by mearderheid oansteld. De FNP, de grutte winner fan de ferkiezings, koe him net fine yn it nije kolleezje. De FNP'ers stimden tsjin PvdA-kandidaat Thiadrik Twerda, om't er al trije terminen finânsjes yn syn portefúlje hat. Dat fynt de FNP te lang. De PvdA wie de grutte ferliezer by de ferkiezings, mar sit dochs yn it kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)