Kolleezje ferrast oer skrassen betinking De Jouwer

13 nov 2014 - 13:56
  • Deadebetinking

It kolleezje fan b. en w. fan De Fryske Marren fynt it nuver dat de 4 maaie betinking op De Jouwer samar ophâldt. Yn in ferklearring op de webside skriuwt de gemeente dat der ôfrûne wike noch in petear wie mei de Stichting Nasjonale Betinking. De stichting wol de betinking net mear organisearje om't De Fryske Marren de subsydzje fan 2500 euro foar it edukaasjeprogramma op skoallen skrast. De gemeente wol no op syk nei in nij komitee en oars docht de gemeente it sels, sa seit boargemaster Aalberts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)