Kolleezje DS hat noed oer takomst Belestingtsjinst Ljouwert

15 sep 2015 - 13:54

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat noed oer de takomst fan de Belestingtsjinst yn Ljouwert. De tsjinst moat net ferdwine as útruil foar it bliuwen fan de rjochtbank yn Ljouwert.

Deputearre Sander de Rouwe sei dat tiisdeitemoarn by it moarnsbrochje fan de noardelike bestjoerders mei Twadde Keamerleden yn it Eschermuseum yn Den Haach. De Rouwe is tige nijsgjirrich wat it Ryk oer de Belestingtsjinst yn de Miljoenenota stean hat.

Kommisaris fan de Kening John Jorritsma fynt de term 'feestbegrutting' net fan tapassing. Hy hat soargen oer de jeugdsoarch yn Fryslân. Ek moat de jeugdwurkleazens yn ús provinsje leger wurde. Jorritsma is benijd at it Ryk dêrfoar ek maatregels nommen hat.

De Miljoenenota wurdt om kertier oer trijen hinne bekend makke. Dêrfoar hat Kening Willem Alexander de Troanrede foarlêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)