Kolleezje DFM komt mei alternativen foar AZC yn Riis

10 des 2014 - 15:41
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland

It kolleezje fan De Fryske Marren bliuwt fêsthâlden oan maksimaal 250 asylsikers foar de lokaasje yn Riis. Mocht it COA dêr net akkoart mei gean, dan biedt de gemeente as alternatyf oan om maksimaal 500 asylsikers ûnder te bringen op De Jouwer, De Lemmer of yn Balk. Konkrete plannen of lokaasjes binne der lykwols noch net.

Tongersdei hâldt de gemeenteried in ekstra gearkomste om de stân fan saken rûnom it mooglike AZC yn Riis te bepraten. COA wol dêr it leafst 500 asylsikers ûnderbringe, mar dat giet it doarp en ek de gemeente te fier.

It COA hat oanjûn op syn lêst nije wike sneon mei in beslút te kommen. De gemeente hat alle ynwenners fan Riis ek in brief stjoerd oer it boppesteande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)