Kolleezje: Blomketerp ticht

09 feb 2011 - 22:33

Swimbad Blomketerp giet 1 juny ticht. Dat ha b. en w. fan Frjentsjerteradiel woansdei besletten. It bad stie te keap en gadingmakkers koene in bod dwaan. Der wiene lykwols mar twa ûndernimmers dy't in bod diene en yn beide gefallen ferskilde it bod safolle fan wat de gemeente woe, dat der gjin saken dien wurde koene.

De ried moat takom wike tongersdei in beslút nimme oer it foarstel fan b. en w. De ferwachting is dat it advys fan B&W folge wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)