Kolkhuzerbrêge bûten gebrûk

08 jul 2010 - 21:26

De Kolkhuzerbrêge yn Burdaard is mei yngong fan freed in wike lang net te brûken troch it ferkear oer de dyk. Dit yn ferbân mei wurksumheden oan it bewegingsmeganisme. De brêge oan de Hikkaarderdyk is oant woansdeitemoarn betiid noch wol tagonklik foar de skipfeart. Oant dy tiid stiet de brêge hieltyd iepen.

De Steenhuzerbrêge yn Burdaard kin wol brûkt wurde. It frachtferkear wurdt omlaat fia Sibrandahûs. De rûte wurdt oanjûn mei buorden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)