Kolk ferliest nuvere dampartij

17 apr 2008 - 10:03
  • Gerlof Kolk yn aksje (argyf)

Gerlof_Kolk hat in frjemde partij op it NK Damjen ferlern. Yn 'e wedstriid tsjin Boudewijn_Derkx foelen yn de tiidneedfaze de elektroanyske bylden fuort. It publyk kaam dêrnei by it boerd te stean. Kolk ferlear troch in flankopstelling dy't er net sjoen hie.

Fries-om-utens Auke_Scholma fan Baflo spile krekt as alle oaren remize. Scholma is dield tredde mei ien punt efter de nûmers ien Heusdens en Baljakin. Kolk is ien nei lêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)