Kolder net nei Harkemase Boys

19 apr 2011 - 11:35

De kâns dat Marnix Kolder takom seizoen by Harkemase Boys spilet is lyts. It kontrakt fan Kolder rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Veendam hat him in 2 jierrige oanbieding dien, dat hat hy no yn beried.

Ferline wike hat Harkemase Boys ynformearre oft Kolder eventueel de oerstap meitsje wol nei de topamateurs. Sy hawwe him lykwols gjin oanbieding dien. "Ik heb voorkeur voor een club in het betaalde voetbal", sa seit Kolder yn in reaksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)