Koks yn Ljouwert drok mei tariedings diner foar tûzen gasten

14 sep 2015 - 18:45

Koks-yn-oplieding en sjefkoks yn Ljouwert binne dwaande mei tariedings foar it Groot Liwwadder Diner. Foar sawat tûzen gasten moatte sy iten klearmeitsje foar in trijegongediner dat takom tongersdeitejûn plakfynt. De koks-yn-oplieding hawwe trije dagen om alle grienten te snijen, it fleis te bakken en de neigesetsjes te meitsjen. Alle yngrediïnten komme út eigen regio.

It provinsjehûs yn Ljouwert hat in keuken beskikber steld dêr't de koks alles klearmeitsje kinne. Sawat 25 studinten binne dêr fan 'e wike alle jûnen oan it itensieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)