Koks fine sliepende man yn tún

19 feb 2011 - 14:22
  • Nes op It Amelân (foto: Omrop Fryslân)

Twa koks hawwe ôfrûne nacht yn Nes op It Amelân in man fûn yn in tún. De twa wiene fan it wurk ûnderweis nei hûs. by in hûs oan 'e Kardinaal de Jongweg seagen se ien lizzen. De koks koene de man net wekker krije. De sjauffeur fan in taksy hat doe de plysje warskôge.

De ynwenner fan Bunnik koe nei in soad muoite fertelle yn hokker hotel er sliepte. De plysje hat him derhinne brocht, wêrnei't de man syn freonen harren om him bekroaden. Se wiene him al trije oeren kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)