Kokkelfiskers: mear kompensaasje

26 okt 2005 - 10:26

De Nederlânske kokkelfiskers easkje fan it kabinet in hegere skeafergoeding foar it fiskferbod yn de Waadsee. Sûnt begjin dit jier mei der op de Waadsee net mear op kokkels fiske wurde.

It kabinet wol de fiskers 70 miljoen euro jaan as kompensaasje. De fiskers fine dit bedrach te leech en wolle 94,5 miljoen ha. Dat is it bedrach dat in spesjale kommisje advisearre hat oan minister Veerman fan fiskerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)