Kokkelfiskers kinne de see op

06 sep 2003 - 00:00

De kokkelfiskers kinne moandei wer útein sette mei it kokkelfiskjen. De Rie fan Steate hat freed de beswieren tsjin de fergunning fan 'e kokkelfiskers ôfwiisd. Under oaren de Waadferiening hie beswier makke omdat de fiskers te min kokkels achterlitte soene foar de fûgels.

De kokkelfiskers meie no oant de ein fan it jier 2,8 miljoen kilo kokkels fiskje. De kokkels wurde benammen eksporteard nei Frankryk en Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)