Kokkelfiskerij 4 wike útsteld

11 nov 2002 - 00:00

Kokkelfiskers moatte fjouwer wike langer wachtsje foar't se fiskje meie yn 'sletten' gebieten op it Waad. De fiskers hiene in koart pleit oanspand om earder begjinne te kinnen. Mar de Rie fan Steat hat dat no útsteld oant 4 desimber. Foar dy tiid mei der net op kokkels fiske wurde yn dat gebiet.

De aksjegroep Wilde Kokkels hie beswier makke tsjin de fiskerij. De kokkelfiskerij mei wol yn de iepen gebieten fan de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)