Kokedei yn Warkum

25 sep 2013 - 11:01
  • Kokedei Warkum 2013
  • Kokedei Warkum 2013

It tal dielnimmende kij en keallen oan de kokedei yn Warkum groeit. Dit jier dogge 158 bisten mei oan de keuring. Dat binne 20 mear as ferline jier. Om 4.30 oere kamen de earste boeren woansdeitemoarn al oan mei har fee. De kij binne wosken en boarstele en om 9.00 oere begûn de keuring, der wurdt benammen sjoen nei it jaar en de poaten. It is foar de boeren in serieuze saak, mei in goede ko kin fokt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)