Kok wint NK autocross Kollum

13 jul 2014 - 14:23
  • Marco Kok út Starnmeer is de nije Nederlânsk kampioen autocross
  • NK autocross yn Kollum
  • Autocross yn Kollum

Marco Kok út Starnmeer is de nije Nederlânsk kampioen autocross frije standerd. Hy wie sneon yn Kollum by it NK autocross de rapste yn de finalerace. De wedstriid moast ferskate kearen stillein wurde fanwege de fûleindige striid.

Yn de standerdklasse gong de winst nei Johan Kraaijinga út Mearum. Wilco van der Voorde fan Tytsjerk waard twadde, foar Thijs Merk út Drachten. By de Stockcar Formule 2 wie de winst foar Durk Pietersma fan Sint Jabik. Hendrik Keizer fan Westergeast wie de rapste yn de rodeoklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)