Kok wint Lopster Torenloop

17 apr 2005 - 13:57

Hurdrinner Benjamin Kok fan Jistrum is sneontemiddei yn it Grinzer Loppersum winner wurden fan de Lopster Torenloop. De tocht gong oer 10 kilometer. Kok kaam nei 32 minuten en 29 sekonden oer de einstreek.

Yn it fjild fan 425 dielnimmers waard Merwin Dollison fan Winsum twad op in heale minút en it brûns gong nei Jan Venhuizen út Overschild. Hy wie 42 tellen stadiger as Kok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)