Kok Vaartjes by Lauswolt wei

30 apr 2014 - 11:05
  • Geert-Jan Vaartjes
  • Hotel-restaurant Lauswolt yn Beetstersweach

Sjef-kok Geert-Jan Vaartjes fan restaurant De Heeren van Harinxma by Lauswolt yn Beetstersweach giet fuort. Hy begjint op 1 july oan in nije baan op Mauritius. Hy wurdt dêr de rjochterhân fan topkok Jerry Bastiaan yn in grut Beach Resort. Vaartjes hat op Lauswolt jierren besocht in Michelinstjer yn de wacht te slepen, mar dat is net slagge. Lauswolt-direkteur Marc van Gulick fynt it spitich dat syn sjef-kok fuortgiet. Hy tinkt noch nei oer hoe't er dy fakatuere ynfolje wol. It personiel is tiisdei op de hichte brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)