Kok stapt toch yn Havenmantsje

08 aug 2012 - 18:51

It monumintale gebou it Havenmantsje yn Harns giet begjin septimber iepen as restaurant. Masterkok Marco Poldervaart is op it stuit drok dwaande mei in ferbouwing. Poldervaart hie earder al plannen mei it Havenmantsje. Doe gie it om in restaurant mei hotel. Dêr helle de gemeenteried in streek troch. Om't it Havenmantsje him dochs net loslitte koe hat hy nije plannen makke. Earst giet it restaurant iepen, letter wol hy der in grutte sêre by oanbouwe. It restaurant moat dan plak jaan oan 140 gasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)