Kok fart mei op Urker kotter

27 jul 2014 - 14:31
  • Kok Pietro Milan

Kok Pietro Milan fan it Italiaanske spesjaliteiterestaurant perBacco op It Hearrenfean sil in wike meifarre op in Urker kotter. De kok út Drachten wol dêrmei te witten komme hoe't de fisk fongen en bewarre wurdt, dy't er yn syn restaurant brûkt.

It idee ûntstie doe't de kok in groep Urker fiskers by him yn it restaurant te iten hie. It doel fan it meifarren is om mear respekt te krijen foar de yngrediïnten dy't brûkt wurde yn de gerjochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)