Koikarpers dumpt by Nannewiid

20 sep 2013 - 10:00

By it Nannewiid yn Aldehaske binne sa'n hûndert koikarpers dumpt. In foarbygonger seach tongersdeitemiddei om tolve oere hinne oan de Jousterwei tolve plestik pûden mei dêryn goed hûndert folgroeide en lytsere koikarpers lizzen. De fisken wiene dea.

De plysje is op syk nei de eigner fan de fisken én nei minsken dy't wat sjoen hawwe. Koikarpers binne kostbere fisken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)