Koga levert Olympyske fytsen

30 maaie 2008 - 14:10
  • Ien fan ´e Olympyske Koga-fytsen

Fytsefabrikant Koga_Miyata fan It Hearrenfean hat hjoed de fytsen ôflevere foar de Olympyske baanhurdfytsers. De fytsen, dy´t seis hûndert tûzen euro kostje, binne oerhândige oan bûnskoach Peter_Pieters.

De ôfrûne fjouwer jier hat Koga_Miyata mei ûndersyksburo TNO en de loftfeart ûndersyk dien. De fyts is sa aerodynamysk en stevich mooglik makke. Neffens Koga_Miyata kin de nije fyts hûndersten oan tiidswinst opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)