Kofjebaarner wiis mei ein patint

01 sep 2006 - 09:40

De Boalserter kofjebaarner De Drie Mollen is bliid dat konkurrint Douwe Egberts net langer it Europeesk patint hat op coffeepads. Oare kofjebaarners meie de pads no ek meitsje sûnder dat se in fergoeding betelje moatte oan DE.

De Drie Mollen makket de pads al in pear jier foar in tal húsmerken fan supermerken. Om se meitsje te kinnen is der yn 2001 bot ynvestearre yn it fabryk yn Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)