Kofi Mensah op proef by Cambuur

22 okt 2005 - 00:00

De Ganees Kofi Mensah komt op proef by Cambuur. De 27-jierrige ferdigener spile earder foar Ajax, NAC en ADO Den Haach, mar siet no al in skoftsje sûnder klub. Mensah hat dit jier ek al by Helmond Sport en Emmen op proef west. Emmen woe him graach hawwe, mar beide partijen kamen der net út.

Mensah traint nije wike mei de seleksje fan Cambuur mei en as hy goed foldocht kin hy op amateurbasis by de Ljouwerters bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)