Koereur sponsor kankerbestriding

19 mrt 2004 - 00:00

Motorkoereur Oege de Jong sponsoret it KWF, it fûns foar kankerbestriding. Dat is opmerklik, om't sporters faak sels sponsore wurde. De Jong draait it om en makket reklame foar it KWF op syn klean. Hy krijt dêr gjin jild foar.

It kankerbestridingsfûns kollektearret op syn beurt by de eveneminten dêr't De Jong rydt. Sa'n foarm fan gearwurking is unyk te neamen yn de Nederlânske motorsportwrâld. Yn Ingelân barde it al, mar yn Nederlân noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)