Koereur klemriden op A6

10 apr 2014 - 22:35

De plysje hat tongersdeitejûn nei in efterfolging op de A6 by Skarsterbrêge in 29-jierrige bestjoerder út Rutten klemriden. De man, dy't by de plysje bekend is mei fjoerwapens, kaam út Grinslân riden yn de rjochting Drachten. Op de A7 wie hy gefaarlik oan it riden. De man rekke derby hast meiwurkers dy't mei de dyk oan it wurk wiene. Hy helle hjirby in snelheid fan 180 km yn de oere. De man reagearre earst net op stoptekens, wernei't ferskate plysje-auto's de efterfolging ynsetten. Tusken De Jouwer en De Lemmer waard de man klemriden.

Der is in bloedproef by de man ôfnaam. Nei alle gedachten wie hy ûnder ynfloed fan alkohol of drugs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)