Koepeltsjerke yn Ljouwert wurdt muzykteater

24 aug 2015 - 20:15
  • De Koepeltsjerke yn Ljouwert

De Ljouwerter Koepeltsjerke krijt in nije bestimming as muzykteater. Hy sil yn de takomst brûkt wurde foar konserten en teaterfoarstellings. Der is ek romte foar workshops, cd-opnames, lêzings, repetysjes en sa.

It gebou is sûnt begjin 2013 net mear yn gebrûk as tsjerke. Sûnt dy tiid is der wurke oan in oare bestimming. Om de Koepel geskikt te meitsjen foar it nije doel is in flinke ferbouwing nedich. As dy klear is moatte der 800 minsken yn kinne. De Nederlandse Bach Academie sil de tsjerke as útfalsbasis brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)