Koepelgebou Griene Strân ûnwis

16 feb 2014 - 16:22
  • Oerolpoadium op it Griene Strân op Skylge

De inisjatyfnimmers fan in nij, koepelfoarmich bouwurk tsjin it dún by it Griene Strân op Skylge moatte avensearje, as it plan noch meidwaan wol. Dat seit wethâlder Irona Groeneveld fan Skylge. De gemeenteried beslút dizze moanne oer trije opsjes foar it terrein. Dêr sit it 'Omniversum'-plan net by, omdat dêrfoar noch hast gjin konkrete stappen set binne. It bouwurk liket op it Omniversum yn Den Haag.

Earder sei de gemeenteried al nee tsjin in plan foar rekreaasjewenten fan grûneigener en projektûntwikkelder Segesta út Alkmaar.

It plan fan Segesta út Alkmaar foel ek net goed by de Skylgers. It Griene Strân is wichtich foar it oansjoch fan West.

De trije opsjes dy't no op papier stean, binne de bou fan fiif wenten, de kombinaasje fan dy wenten mei rekreaasjewenten of allinnich rekreaasjewenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)