Koepel skreau notysje Almere

24 maaie 2013 - 20:58

Sportkoepel NOC*NSF hat yn 2012 meiwurke oan in sportnotysje foar de gemeente Almere. Oan de notysje wurken derneist it ministearje fan VWS, de provinsje Flevolân en de gemeente Almere sels mei.

Opfallend oan de notysje, mei de namme 'Almere, stad van talent', is de konklúzje dat Almere troch syn unike lizzing in oantreklik plak is foar in ynterregionale topsportfoarsjenning. NOC*NSF is ien fan de partijen dy't bepaalt wer't daliks in nije iishal foar topsporters komt. Almere is ien fan de kanshawwers, lykas Thialf.

Neffens in wurdfierder hat it feit dat de sportkoepel belutsen wie by de eardere notysje gjin ynfloed op it beslút wer't de iishal komt. De koepel biedt faker har ekspertize oan by gemeenten, provinsjes of it Ryk. Sa wol de koepel mear minsken oan it sporten krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)