Koepel Berltsum restaurearre

22 nov 2003 - 00:00

De restauraasje fan de herfoarme Koepeltsjerke fan Berltsum is freed feestlik ôfsletten. Nettsjinsteande de blidens bliuwt de soarch oer de bûnte krjifkrobbe. Dy is noch hieltyd net hielendal ferdwûn út de restaurearre tsjerke fan Berltsum.

De bestriding giet dus troch. Der sille siichgatten makke wurde ûnder de kap en dêr sil ek in fentilator ophongen wurde. Dat feroarsaket trek ûnder it dak en dêr hâldt de krobbe net fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)