Koen Eekma tydlik nei Tryater

04 jan 2007 - 15:29

Koen_Eekma wurdt tydlik saaklik lieder by Tryater. It toanielselskip sit fan nije wike ôf sûnder saaklik lieder, omdat Ben_van_der_Knaap fuortgiet. Hy sil yn Snits de bou fan it nije teater begeliede.

Koen_Eekma is no ek al direkteur fan 'e Fryske útjouwerij Afûk yn Ljouwert. Hy sil foar ien dei yn 'e wike by Tryater oan it wurk. Foar de oare fjouwer dagen bliuwt Eekma direkteur fan 'e útjouwerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)