Koen Brack wer werom by Cambuur

07 des 2006 - 11:03

Ald-oanfierder Koen Brack komt werom nei Cambuur. De ferdigener dy't ein ferline seizoen fuort gie nei Eastenryk sil nei de winterstop wer it shirt fan Cambuur oanlûke. Brack spile foar FC Kärnten, mar hat dêr gjin basisplak mear. Hy mei transferfrij fuort.

Brack spile al twa seizoenen foar Cambuur. Hy wie it foarige seizoen sels topskoarer, wat foar in sintrale ferdigener wol opmerklik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)