Koen Brack nei Eastenryk

23 maaie 2006 - 16:54

Koen Brack giet nei it Eastenrykse FC Kärnten. De 23-jierrige sintrale ferdigener fan Cambuur tekenet dêr in kontrakt foar twa jier. Kärnten spilet yn de Red Zac liga. Dat is fergelykber mei de Nederlânske earste divyzje. Saillant detail oan Kärnten is de klubpresident. Dat is de rjochtse politikus en Landeshauptmann Jörg Haider.

Brack spile twa jier yn Ljouwert en wie it ôfrûne seizoen topskoarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)