Koen Brack ferlit Cambuur

04 maaie 2006 - 00:00

Cambuur moat op syk nei in nije sintrale ferdigener. Koen Brack, dit jier oanfierder en topskoarder mei 9 doelpunten, sil de Ljouwerter klub ferlitte. Hy wol nei it bûtenlân. Hy soe ûnder oaren yn de belangstelling stean fan in Eastenrykse en in Switserske klub.

Brack kaam yn de simmer fan 2004 oer fan Go Ahead Eagels. Neffens Brack hat er it al nei it sin hân yn Ljouwert, mar is er no ta oan wat oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)