Koelmans en dy winne yn Winaam

07 aug 2011 - 18:02

It partoer fan Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hat snein de frijeformaasjewedstriid fan Winaam wûn. De finale waard mei 5-2 en 6-2 wûn fan Afke Kuipers, Wiljo Sijbrandij en Bianca van der Veen.

De lytse preemje wie foar Marie-Jetske Lettinga, Joutsen Okkema en Marije van der Meer. Om't it in frije opjefte wie, diene der mar leafst santjin partoeren mei yn Winaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)