Koelmans-en-dy winne Menaam

11 aug 2007 - 13:02

It partoer Margriet Koelmans, Ingrid de Haan en Fenna Zeinstra is freed winner wurden fan de útnoegingspartij yn Menaam. Se wûnen de finale mei 5-3 en 6-0 fan Marie Heida, Gérieke de Groot en Maaike Wind.

De keningskommisje makke in grutte flater troch net Margriet Koelmans ta keninginne út te roppen, mar Fenna Zeinstra. De tredde priis gie nei it partoer Afke Kuipers, Imke van der Leest en Miranda Scheffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)