Kobes wint yn De Blesse

09 aug 2009 - 13:30
  • Winner Riekele Kobus (foto: Atletico)

Hurdrinner Riekele Kobes hat sneon de strjitterin yn de De Blesse wûn. De atleet fan Nij Beets rûn de 5,5 kilometer yn in tiid fan 18 minuten en 30 sekonden. Stefan Postma kaam yn syn eigen wenplak op 35 tellen as twadde oer de streek.

By de froulju wûn de pas 12-jierrige Denise Sinnema út Ljouwert yn in tiid fan 22,47. Liane de Wit fan Assen kaam op 29 sekonden as twadde oer de finish.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)