Kobes wint winterloop yn Snits

04 nov 2007 - 14:54

Riekele Kobes fan Nij Beets hat snein de earste winterloop wûn. Yn Snits kaam hy nei 8,4 kilometer as earste oer de streek yn in tiid fan 29 minuten en 24 sekonden. Op tsien sekonden kaam Douwe Nauta fan Snits binnen.

By de froulju wûn Margriet Akkerman út Nijemardum de einsprint fan Betty Agricola fan Goaiïngaryp. Op ien minút en fjirtjin sekonden kaam Janneke Noorlander as tredde oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)