Kobes op 'e nij winner Marreloop yn Grou

08 mrt 2015 - 16:16
  • Winner Riekele Kobes
  • In soad drokte by de Marreloop yn Grou

Hurdrinner Riekele Kobes is snein de winner wurden fan de 45e edysje fan de Marreloop yn Grou. Dêrmei prolongearret de atleet fan Haskerhoarne syn titel fan ferline jier. Kobes klokte in tiid fan 48.50 minuten. Dêrmei wist er Jan Sytze Jonker en Harry Wiersma foar te bliuwen.

By de froulju gong de winst nei Ydwine van der Veen fan Goutum. Sy kaam út op in tiid fan 55.36 minuten en hold dêrmei Jeske van der Pal en Regina Postma efter har.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)