Koatstertille hâldt skipswerf

13 aug 2003 - 00:00

It is wis dat der in skipswerf bliuwt yn Koatstertille. Dat konkludearret kurator Brink nei petearen mei ferskate gadingmakkers foar oername fan de fallite werf.

Neffens Brink binne der op dit stuit sân partijen dy't ynteresse hawwe yn in trochstart fan it bedriuw. Nije wike wol hy dêr twa of trije út kieze om mei troch te praten. Hoefolle wurknimmers by in eventuele oername belutsen wurde kinne, doart Brink noch net te sizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)