Koartsluting oarsaak brân biste-opfang Norma yn Ferwert

11 jun 2015 - 14:03
  • Koartsluting oarsaak brân

Koartsluting yn in saneamde lasdop hat de oarsaak west fan de brân by biste-opfang Norma's Universum yn Ferwert snein. Dat is de konklúzje fan it technysk ûndersyk. Yn in lasdop wurde twa losse triedden oan inoar set. Dy konneksje hat al wiken lang net mear goed west. Sa wurdt stadichoan mear en mear waarmte opboud oant it yn fjoer oergiet.

Yntusken rinne der ferskate aksjes om Norma en har opfang te stypjen. Der binne Facebook-siden iepene en lanlike bekendheden komme foar har en de bisten yn it spier. Ek wurdt der alle dagen guod brocht.

Tongersdei is noch mei speurhûnen socht nei resten fan deade hûnen en katten. Der wurde noch sa'n tweintich katten en twa hûnen fermist. In kraan sil tongersdei it ynstoarte dak optille om it fierder sykjen nei deade bisten mooglik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)