Koartpleit tsjin Klaas de Jong

06 jul 2010 - 10:28
  • De premjêre fan De Hel fan '63

Autoferhierbedriuw Fliervoet út Ammerzoden daget filmprodusint Klaas de Jong foar de rjochter. Op 29 july is it koart pleit yn Ljouwert. Neidat Fliervoet yn april dit jier beslach lei op de bankrekkens fan De Jong, beskuldige de filmprodusint Fliervoet fan bedroch en bedriging en die oanjefte by de plysje.

Fliervoet easket no 40.000 euro fan De Jong, omdat er fynt dat syn namme troch it slyk helle is troch de Fries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)