Koartling moat mooglik slute

28 okt 2009 - 09:26
  • Gemeente wol inkeld jongere-aktiviteiten Koartling stypje

It Koartling yn Bûtenpost moat mooglik ticht, as de gemeente takom jier inkeld aktiviteiten foar jongeren subsidiearret. De twa behearders kinne dan net mear betelle wurde. It sosjaal kultureel sintrum funksjonearret as jeugdhonk, mar der is ek romte foar kursussen en gearkomsten.

As it sintrum ticht moat, hat dat grutte gefolgen foar it doarp, neffens de stifting Sosjaal Kultureel Wurk. De gemeente seit ta te besykjen om de problemen op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)