'Koartingskaart net ôfskaffe'

20 feb 2013 - 20:17

De NS skaft de papieren koartingskaart foar de trein dochs noch net ôf. Doel wie dat de kaart mei yngong fan 20 maart ferdwine soe, mar nei in oprop fan de regionale ferfiersbedriuwen Arriva, Connexxion, Syntus en Veolia hat NS besletten dêrfan ôf te sjen. Neffens de regionale ferfierders is it noch fierste betiid foar it ôfskaffen.

Sa soe noch net dúdlik wêze wat de gefolgen binne foar de minsken dy't no noch mei in koartingskaart reizgje. De prizen soene mei de oerstap op de OV-chipkaart wolris bot omheech gean kinne by lange reizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)