Koarting op wettersuvering

05 des 2003 - 00:00

Hûnderten húshâldens yn bûtengebiet kinne tenei mei tûzenen euro koarting in lytse wettersuveringsynstallaasje keapje. Fyftjin gemeenten, it wetterskip en de provinsje ha dêr freed in oerienkomst oer ûndertekene.

It ôffalwetter fan de húshaldens dy 't it oangiet wurdt no sûnder suvering op it bûtenwetter loasd, mar yn 2005 mei dat net mear. In suveringsynstallaasje kostet al gau sa'n sântûzen euro. Guon gemeenten fine dat bedrach te heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)