Koarting op wetterskipslesten

19 apr 2006 - 14:28

Mear as fyftich boeren by Jistrum krije fan 2009 ôf in foarse koarting op harren wetterskipslesten. Dat bart omdat harren gebied hielendal net bemeale hoegde te wurden, foardat de boaiem sakke troch gaswinning.

Dat bemealen is no wol nedich en derfoar moatte eigners 40 euro de bunder oan it wetterskip betelje. De boeren sille fiif jier lang koarting krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)