Koartere prolooch yn sinnerace

03 des 2007 - 13:26

De prolooch fan 'e Frisian Solar Challenge race is ynkoarte fan goed 14 nei 10 kilometer. Mei de koartere ôfstân kinne de teams de akku's fol genôch hâlde foar in sprint dyselde middeis yn 'e sprintwedstriid.

De race mei de sinne-sel-boaten is takom simmer. Foar de prolooch farre se fan Ljouwert nei Wyns en werom. Der binne no 54 dielnimmers. It maksimum is 55, oanfolle mei fiif teams mei in saneamde 'wildcard'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)