Koartere linen helptsjinsten

19 sep 2006 - 07:29

Koartere linen tusken de Dokterswacht en de meldkeamer soargje ynkoarten foar in flugge reaksje as minsken yn de nacht help nedich ha.

In gearwurkingsferbân tusken de Fryske ambulânses, de Dokterswacht en thússoarchorganisaasje Zorggarant hat in priis krigen om in keppeling te meitsjen tusken de meldpunten wer 't minsken 's nachts hinne belje kinne. Sa moat earder dúdlik wurde wat foar help minsken nedich ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)